Dagboek oktoober 2016Bekiek hele maand 
 
30 oktoober om 19:55
 
Literêre bonbon fan Hylkje Goïnga yn fraaie ferpakking!





Wat in aardige ferrassing lei der ferline wike bij mij op’e doarsmatte, in prachtich foarmjûn bondeltsje met tsien ferhalen fan Hylkje Goïnga ( 1930 – 2001) . Net de twa kear in hânfol ferhalen ferrasten mij, dy koe ik al en ik haw gelokkich al har wurk, mar it omslach.

Dat is nammentlik makke troch Hylkje Kroon, in beppesizzer fan de skriuwster. It is werklik prachtich wurden! It silhouet fan Hylkje Goïnga yn bedrukte stikjes papier en folslein mei de seefûgel. Oait fertelde se mij dat wannear’t der in libben nei de dea wêze soe, sij as seemok weromkomme mocht. Op de roukaart stie ek in ôfbylding fan in seefûgel.

Douwe Kootstra, hij siet jierren lang mei de skriuwster yn de redaksje fan ‘De Strikel’, hat ‘tsien fan Hylkje’ har ferhalen útkeazen. “Net dé tsien fan Hylkje. Nee, gewoan tsien moaie ferhalen dy’t karakteristyk binne foar har oeuvre”, sa skriuwt Kootstra yn it foaropwurd fan it bondeltsje dat bij de Afûk útkaam is.

Wannear, oh wannear soe al har sammele wurk no ris útjûn wurde, mei in deeglike ynlieding? It proaza fan Hylkje Goïnga heart ta it bêste fan wat de Fryske literatuur te bieden hat.