| |
 |
24 september om 10:36 |
| |
Folle seal foar oertsjûgjend Teater Tsja

Snits- Justerjûn belibbe Teater Tsja in súksesfolle premjêre yn it altenatieve mar oh sa smûke Teaterkafé Lewinski fan Snits. De seal wie mei 70 persoanen finaal útferkocht en it publyk belibbe net allinne de berte fan in nije teatergroep mar ek nòch ris in prima foarstelling.

‘Tsja’ bestiet út de betûfte aktrises Anneke Hondema en Joke Tromp. Mei it troch har sels bewurke ‘Brûze en Siede’, in oarspronklike Amerikaanse klucht, besoargen de spylsters it publyk in hiele noflike jûn.

At dit de opmaat is foar mear, dan kin Fryslân noch wat ferwachtsje! It stik waard regisearre troch Durk de Vries en is op 25 septimber nochris te sjen.
Foto’s Nico Altenburg
|
| |