Dagboek september 2016Bekiek hele maand 
 
4 september om 11:33
 
Komeedzje Brûze en Siede fan Teater Tsja…!





Snits – Op 23 septimber giet de komeedzje ‘Brûze en Siede’ bij Theater Lewinski yn première.
Der is gjin lân op ierde wêr’t in bakje kofje sa wichtich is as yn Nederlân. Ek yn ús heitelân wurdt stéfêst om in oer as tsien in bakje dien.
Maud Tiesinga ûntkomt net oan dizze gewoante as de nije buorfrou Hannah sûnder oankondiging del komt foar in bakje.

Wêr in gesellich bakje foar bedoeld is liedt dizze kofjebesite ta in machtspul. Hanna hat har eigen kopke yn de tas meinommen. En bringt Maud yn totale ferwarring mei har obserfaasjes fan de foarige jûn…

Totaal fan slach besiket Maud in ein te meitsjen oan de konversaasje. Wa is dy frou dy’t har begluurt? Hyltyd ûntstiet der in nije sitewaasje en telkens wer in nije machtstriid. Maud rekket har net kwyt. Wat wit Hanna allegear? En werom wol se in twadde kopke? Hoe krijt Hanna it yn fredesnamme foar elkoar om de oare deis op deselde tiid werom te kommen foar wér in kofjebesite… Is dit allinne foar de overhearlike kofje út de Aromaboy of skûlet der mear achter?

Dizze hearlike komeedzje mei prachtige dialogen wurdt op it skerpst fan de snede útfochten troch twa comédiennes pur sang: Anneke Hondema en Joke Tromp.
Twa aktrises dy’t harren spoaren yn Fryslân fertsjinne hawwe op alle poadia, sawol by ad hoc produksjes as by de ferieningen yn de top fan it Fryske amateurcircuit en iepenloft foarstellingen. De rezjy is yn hanen fan Dirk de Vries.

Foar mear ynfo: www.teatertsja.nl

Spyldata
16 september 2016 – Tuske de Marren-Akkrum (try-out), aanfang 20.30 oere
23 september 2016 – Theater Lewinski-Sneek (Premjêre), aanfang 20.30 oere (útferkocht!)
25 september 2016 – Theater Lewinski, aanfang 15.00 oere
9 oktober 2016 – Ons Huis Beesterzwaag, aanfang 15.00 oere
15 oktober 2016 – Smalle Brug Stiens, aanfang 20.30 oere
30 oktober 2016 – ‘t Haske Joure, aanfang 14.30 oere
5 november 2016 – It Heechhout Berlikum, aanvang 20.30 oere
13 november 2016 – Heechhûs Heech, aanfang 15.30 oere
18 november 2016 – Rolbrêge café De Tynje, aanfang 20.30 oere
25 november 2016 – Het meer van Lenten Terherne, aanfang 20.30 oere
*Data Aldefa-SWF en Rottefalle wurde meikoarten bekend makke.