Dagboek augustus 2005Bekiek hele maand 
 
17 augustus om 17:26
  oer tiid leafde en dea

de minske frezet de tiid
de tiid frezet de ivichheid
eangje net
salang asto der bist, is de dea der net
en as de dea der is, bisto der net
mear

in grut lok
is
yn leafde
de tiid te ferjitten
takomst en ferline
rane gear yn in ivich no
yn de dea wint de tiid
yn de leafde ferliest de tiid
sa is de leafde sterker as de dea

Prachtege poëzy fan Pier Boorsma, dy't op 15 maart in Sneek geboaren wurdde. Su nau en dan hew ik even fluchtech telefoanys kontakt met Pier. Ut is wat un aparte skiter dy Pier, mar ik kan goëd met um. Syn fersen hewwe un filosofise inslach. Fandaach, ik was de hele dach allienech thús, hew ik in syn nieuwste bundel 'net allinne genôch' lezen. Fanavend skriëf ik de resênsy.

Fanmòrrenfroech op de fyts, freeslek (!), bij Paul van Goor weest. Wij hewwe definityf besloaten dat der un keunstkalender fan 'Poëzy op Poaten II' komt. Onder de titel PUCHPUBERS brenge wij, in òktober, dy eksklusieve kalender op de merk. Der binne tientallen positieve reaksy's op de bútendeureksposysy, en nòch feul mear fraach om 'un kalender'. Dat wat let oans.

Saterdachavens

saterdachavens
in ’e keuken
pruttelende stoofpearkes
op ut roaie drypits
-Origineel Haller-
peteroalystel

en moeke
dy’t mij
in un sinken tobbe
met sachte hannen
de ruch inseepte

as ik dêran weromdenk
gloei ik nòch

fan binnen