| |
 |
11 desember om 21:19 |
| |
Ouwe tiden herleven in de Skarnestraat

Dat ut in de Skarnestraat, hartsje Sneek, de laaste tiid leeft as un tierelier is un understatement. Un groep jonge ondernimmers is dêr razend entûsiast bezech. Entûsiasme werkt altyd antstekelek. In samenwerking met Palludara wurdde fanmiddach deur de Skarnestraat ondernimmers un kerstmarkt òrganiseard. Onderwiis òrganisasy Stichting Palludara is groats op har 16 kristleke basisskoalen, fijf in Sneek en elf skoalen in de omgeving fan de stad. Mar de Stichting is ok tròts op har personeel liet direkteur bestuurder Joop Fortuin fanmiddach wete.

" Wy besúnigje net op wurdearring fan ús personiel. Dêrom hawwe wy in krystmerk organisearre yn dit gesellige strjitsje. De meesters en juffen kinne hjir hun wearbonnen ynlevere foar harren eigen krystpakket. Sa'n merk soarget der foar dat ús kollega's mekoar op in ongedwongen wize moetsje. De reaksy's binne hiel entûsiast. Ja, echt in prachtige middei ", aldus de skoalleider.

Ondertussen wurdde der hearlek sjopt in ut straatsje. Rijen dik stonnen de meesters en juffen om hun kadoatsjes út te soeken bij Katrein Kunst, Schoonheidssalon de Ontspannerij, Keurslager de Sneeker Poort, Echte Bakker Posthuma en Wijnhandel ‘ Wijnen van Houke ’, Copy to Print om ferfòlgens un Glühwijn te drinken in Café De Bakkersdochter.

Foar wie gefoël foar Sneker histoary het, was der fanmiddach nòch wat yts bysonder te genieten. In ut pand dêr't de legendarise Sneker Bertus Poiesz oait syn befaamde desemberferkopen had, met bingo en Sinteklazetafels, ston nou Kees Poiesz te ferkopen.

" Dit is puur genieten, de sirkel is wear rond. Hier in dizze omgeving begon ut oait ok foar oans winkelbedriëf. Sukrekt was Ans de dòchter fan Bertus hier ok even. Dy fon ut al su moai ", su fertelde de oud-kommersjeel direketeur fan Poiesz Supermarkten.

Foto's Alet van Elburg |
| |