Dagboek oktoober 2014Bekiek hele maand 
 
15 oktoober om 17:59
 
Nij boek Hylke Speerstra oer Indiëgongers





Op tongersdei 30 oktober 2014 wurdt it nije boek fan Hylke Speerstra presintearre: ‘ Op klompen troch de dessa ’-Indiëgongers fertelle. Plak fan presintaasje is Trinitas oan de Coehoorn van Scheltingastraat 1 op It Hearrenfean.
De ynrin is 15.30 oere en de oanfang is om 16.00 oere.

Speerstra hat der mear as in jier oan wurke. Dit kear hat de skriuwer in hiel oar ûnderwerp by de kop pakt. It giet oer de libbensferhalen fan jongkeardels út Fryslân, koart nei de twadde wrâldoarloch:

Gewoane jonges wiene it. Se rûnen op klompen nei skoalle en moasten dêrnei oan ‘t wurk. Doe’t it frede waard, wienen se jongfeint, krigen alris in bytsje ferkearing. En no moasten se foar keningin en faderlân nei Indië. Want Indië wie dochs fan ús?

‘ Wy batsten sa te sizzen op klompen troch de dessa. Mei de wiisfinger om de hoanne fan it gewear, want wy moasten earst wêze om te oerlibjen. ’ De bleue jonges fan it Fryske plattelân bedarren yn in tropysk jongesboek. Mar hjir gie it op libben en dea.

De jonges fan doe binne mannen fan fier boppe de tachtich wurden. Lang ha se swijd mar no wolle se it wol kwyt. Harren wierheid is hurd, somtiden ferbjusterjend en oangripend. ‘ Wy waarden de guerilla en eksekúsjes yn sleept.‘