| |
 |
29 july om 21:39 |
| |
Pake Douwe wie de bêste!

Hayo Bootsma, in syn frije tiid repòrter bij Omrop Fryslân, skreef fandaach un wel heel opfallende kollum. Uteraard met un fette knipooch richting Douwe Visser fan de Sneker Pan!! Hieronder ut betreffende proaza dat Bootsma ok op syn facebook plaatste.

' Eltsenien die it. It wie net mear as gewoan. Krekt lykas dy epo-fytsers ein jierren '90. Je waarden dochs net pakt. De saneamde eksperts wisten kwalik wat in skûtsje wie. Ja, saneamde 'wiskundige modellen' waarden dan brûkt om nei te gean oft in skûtsje wol foldie oan de easken. Man, wat in kul'. It is july 2023. Oan it wurd is Douwe Visser. Skipper fan it skûtsje De Sneeker Pan. Hy docht syn ferhaal by Femke de Walle. Har programma 'By Femke' is al skoften de grutte sjochsiferhit fan Nederlân.
It is in soarte fan bychtstoel wurden foar ferneamde Friezen/Nederlanners dy't ea in flaterke makke ha, wat brûkt ha dat net mei of by in oar as de partner yn it bêd dûkt binne. No makket Douwe Visser skjin skip. Nei 1995 wûn hy 14 kear it SKS-skûtsjesilen. Nei 2011 sels 6 kear efter inoar. Doe hie hy syn nocht. 'Sjoernalisten fregen nea hoe it koe dat wy sa gau al sa'n ein útrinne koene. Se fregen it net, it wiene krekt hurdfytsjoernalisten. Dy seinen ek dat se altyd al wol tocht hiene dat, mar it net opskriuwe koene... Se fertelden allinnich mar dat de bemanning sa goed wie. Dat wiene se ek.
Mar it feit dat wy lichter oer it wetter sylden hie in oare reden. It wie geniaal Femke wat Henk van der Veer betocht hie. Gewoan in wettertank meitsje yn de foarm fan ballast. Je donderje dat ding leech en hop, dêr leinen we wer op kop. En at it nedich wie by hurde wyn, lieten we 'm lekker fol. Spyt ha'k net. Je bin ûnderdiel fan in arena en de taskôgers wolle wat. De druk út de Snitser mienskip waard ek hieltyd grutter. Ja, eltsenien hat wol belangen. De sponsors ek. Se sizze no wol fan neat te witten, mar ja. Wol risseltaten easkje. En witsts, al dy kontrôles fan de kommisjes en eksperts. It wie om te leitsjen. Elts jier wer tochten we dat we pakt waarden. Mar se seagen it net'.
It is de grutste fraude wurden yn de Fryske sportskiednis. Der bin as fansels wol fragen steld oer de winst fan Lieuwe Westra yn de tour fan 2015. Mar sels nei in DNA-test kaam neat boppe tafel. Hy wie skjin. It skûtsjesilen wie troch en troch korrupt. Femke stelt de fraach: 'Net ien wist dit. Dit hat altyd geheim west. Werom bringe jo dit no nei bûten. Jo koene hjir mei wei komme...' 'Ja, dat koe. De 'omerta' ûnder de bemanning waard goed neilibbe. Ik seach lykwols myn pakesizzers oan en tocht: Sy moatte it op eigen krêft dwaan. Op bôle mei nútsjesmoar en mei it kompas yn de hân. Ik doarde se net mear rjocht oan te sjen en dan te sizzen: Pake wie de bêste'.

Omrop Fryslân kin de Sneker Pan amper bijhâlde... |
| |