| |
 |
17 desember om 17:51 |
| |
Op 31 jannewary 2013 wear groate gedichteavend bij Vellinga

Fan Cor van der Wal, krekt as Josse ok un mantsje dat altyd mar deurgaat met (be) werken fan/in de Frysk literêre tún, kreech ik un aardege útnoadeging om wear met te doën an un poëzy avend.
Dit jaar hadden we de earste literêre happening bij Café Vellinga en Cor en syn Ensfh. redaksy wille der un tradisy fan make. Op 31 jannewary anstaande sal ut wear heve bij Nico Vellinga in ut Café. Dat fyn ik un strak plan. Fandêr al fast even un reklameblokje op myn site:
Yn it ramt fan de Nationale Gedichtendag organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 31-01-2013 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden:
- Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze . - Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze. - Gewoan komme te harkjen.
Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.
Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen. De dichters en foarlêzers krije allegear 15 euro en omdat foarlêzen toarstich makket twa konsumpsjes fergees.
Wêr? Café Vellinga, Korte Veemarktstraat 11 8601 EV Snits
Wannear? Op 31-01-2013
Hoe let? Tusken 20:00 en 23:00 oere
Yntree fergees
|
| |