| |
 |
15 april om 12:02 |
| |
Teater Snits wint toanielkriich mei Tramwein Begearte!

Toanielselskip Teater Snits is gloarieus winner wurden fan de Toanielkriich 2011-2012 fan de Stichting Amateurtoaniel Fryslân. Neidat freedtejûn al bekend makke waard dat de Snitsers mei it ferneamde stik Tramwein Begearte fan de Amerikaanse skriuwer Tennessee Williams yn in oersetting fan Piter Boersma de eareklasse wûn hie, waard justerjûn bekend makke dat de Sniters ek de algehiele winners wiene. De rezjy fan it stik wie yn hânen fan Dirk de Vries.
Apart oars dat de winner yn’e persoan fan foarsitter Klaas Visser fannemoarn sels belje moatst om de útslach te hearren. Da’s inderdaad hiel amateuristys en it is te hoopjen dat it STAF-bestjoer tenei wat mear kasjet jaan sil oan de bekendmakking wa’t de priis wûn hat.
Oan’e kriich diene mar leafst 59 toanielselskippen meinoar in resinsje fan it stik ferwiis ik him graach nei it blog fan 31 maart op dizze side
|
| |