| |
 |
28 febrewary om 08:34 |
| |
Raffelich realisme? Nije streaming fan in jonge generaasje skriuwers

Op tiisdei 28 febrewaris is de finish-lêzing fan de Literêre 4-Stêde Tocht. Dizze lêzing yn biblioteek Snits giet oer in nijsgjirrich ûnderwerp dêr’t net earder ûndersyk nei dien is. Begjin 1996 sette in lyts groepke studinten yn Grins útein mei in literêr tydskrift yn it Frysk. It begûn as in aardichheidsje, mar as tydskrift krige de ‘De Blauwe Fedde’ stadichoan mear lêzers. It waard in poadium foar in nije generaasje fan jonge skriuwers, dy’t net de barrikaden opsocht, mar op iroanyske wize skreau oer it deistich libben, mei al syn banaliteiten. ‘De Blauwe Fedde’ hat bestien oan de ein fan 2002 ta, mar mooglik is der in nije Frysk literêre streaming út ûntstien.
Nyk de Vries wie studint skiednis en wie der sels by. Hy beskriuwt de beweging en jout ek syn fizy op de takomst fan de Fryske literatuer, de mooglikheden foar fernijing en de tapassing fan de nije media troch skriuwers. Hy is û.o. bekend as performer fan ‘proazagedichten’, dat binne hiel koarte ferhalen. Syn nijste bundel hyt: ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’. Dit is de fjirde lêzing yn de rige fan de ‘Literêre 4-Stêdetocht’, dy’t holden wurdt yn de fjouwer grutste plakken fan Fryslân: Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits. Alle kearen in oare sprekker oer in markant aspekt fan de Fryske literatuer, mei gelegenheid foar fragen en diskusje oan de ein. De lêzing yn Snits stiet op himsels, jo hoege as harker net de hiele 4-Stêdetocht bywenne te hawwen.
De lêzing is ornearre foar elk dy't him by de Fryske literatuer betrutsen fielt: lêzers, (oankommend) skriuwers, útjouwers, sjoernalisten, resinsinten, afûkkursisten, learlingen, studinten, dosinten, leden fan Fryske kriten, ensafh. Datum: tiisdei 28 febrewaris 2012 Tiid: 20:00 - 22:00 oere Yntree: € 5,00 Studinten: € 3,50 Plak: Biblioteek Snits Adres: Wijde Noorderhorne 1, 8601 EA.
|
| |