Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
29 mei om 17:34
 
Grytsje Schaaf






Sûnder sweltsjes, gedichten fan Grytsje Schaaf. Friese Pers Boekerij, 2008



Duvels fleane flintersêft

se somberet yn har lege skurte
fol fan al dy oaren
leechpreaun lit se achter
op knibbels yn it útsicht dreaun

dikke drippen tekenje strjitten op it glês
plakken nea te wêzen
dêr
slynt se hoeken ûnderweis
wekkeret se op frjemde tiden
yn it har sa frjemd bêd

rûzjend interieur ferjittend
rekket se har kwyt
yn de keamers fan in blanko fel
flústerje duvels harren liet



Grytsje Schaaf