Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
23 mei om 18:35
 
Jacobus Quiryn Smink





Lingerich Tekstyl & swarte side, Jacobus Quiryn Smink. Koperative Utjowerij, Boalsert, 1994.



De blonde muze


Yn it kafee by de feart sjoch ik, de blonde
Mei swarte brauwen, in kûltsje
Under de noas

Ik wol har wol pakke, dy bûtengewoan blonde
Har earmen fan goud en sa moai
Sa ’n multsje

Se glimket heel mûtel en in glânzige blonde
Is se sûner fersin, ik dream
Wûndere roas

Want ik lit dy better dêr, do fatale blonde
Oan it wetter yn dy kroech, o
Sa ’n mûltsje

Skink my gjin kopke mar in kraach yn it glês
Ik ferdrink dy ta muze yn it skom dat ik lês



Jacobus Quiryn Smink