Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
14 mei om 11:09
 
Lida Dykstra





Frou úle, gedichten fan Lida Dykstra, Utjouwerij Frysk en Frij, 2000



Frou ûle


Frou ûle weeft har klaad
Dwers troch de skimerjûn
hat se sparkels stjerreljocht
betûft ta banen bûn.

Har mantel slacht se om.
Sa is de dei ferrûn.
Frou ûle fielt har krêft,
ûntstiicht de waarme grûn.

Sy wit wat ierde skinkt,
wa't foar it lykwicht bliedt,
hoe't alles waakst en bloeit
en op syn tiid fergiet.

En klimt de sinne skier
- ferrekte nije moarn -
falt manteling ta stof,
sjit sy har skelk wer oan.


Lida Dykstra