| |
 |
10 mei om 17:39 |
| |
Belofte maakt skuld...
Sloege soe ek mar hy stoar earder! Fanou 7 mei elke dach un Frystalech fers op dizze site beloofde ik. Ut is ondertussen 10 mei mar nòch gyn Frystalech fers sien. Mea Culpa. Ik begin nou, met un titelfers út de bundel Neigeraden it Noarden fan Eppie Dam.

NEIGERADEN IT NOARDEN- De Oare útjouwerij Eanske 2004
Neigeraden it noarden
Neigeraden it noarden wint de taal oan ûntkenning en promket yn lippetsjinst oan it hillich net-neamen de mûle yn n-en. Neigeraden it noarden krimpe de wurden en rêde har nauwerneed út it neakene strôtgat de stribbige fonemen fan de begearte. Neigeraden it noarden klinke nasaler de nammen en swije om'e leave frede de nachten, offere op it alter fan'e tonge it hert. Neigeraden it noarden lûkt it bloed nei de einder en nadert it eachweid it each, fan nimmenslân de stille nomade. Neigeraden it noarden komt in fûgel werom fan syn flecht, bespegelt in man syn ferline en stapt út syn skaad wei syn natuer yn'e mjitte, neigeraden it noarden fierder fan syn doel en tichter by syn bestimming.
|
| |