Dagboek mei 2009Bekiek hele maand 
 
13 mei om 18:40
 
Bitsje reklame make foar Frysktalege boeken

Folgens mij kanne de boeken dy't in ut Frysk skreven wurde op'togenblik wel un bitsje reklame brúke. Bin fandaach de beroerste nyt. Dizze boeken binne o.a. krekt útkommen bij de Friese Pers Boekerij:





Yn Wadman syn literêre wurk komt de oarloch hieltyd op ’e nij op ’e hispel.
De haadpersoanen yn syn romans en novellen binne gauris yntellektuelen dy’t har wat ôfsidich hâlde fan it echte oarlochsbarren en ferset oant sy dochs ferge wurde om in died te stellen. En dan docht bliken dat it heldedom mar foar in inkeldenien weilein is.

De titel fan it earste boek yn dizze omnibus, Kûgels foar in labbekak, is suver sprekwurdlik. ‘Fersetsheld op sokken’, sa portrettearre Wadman syn haadpersoan út dy roman ek wol. Kûgels foar in labbekak en In bolle yn ’e reak hearre ta it bêste wat Anne Wadman skreaun hat. De fearren fan de wikel is basearre op in wier barde skiednis. De oanslach op in jonge frou út in NSB-húshâlding late ta de eksekúsje fan fiif ûnskuldige boargers by Doanjum. Wadman komt yn dit boek mei in nijsgjirrige hypoteze oer de tadracht fan dit drama.


Boerewurk





Gjin fotograaf hat it wurk fan Fryske boeren sa moai fêstlein as Jehannes Doedes de Jong (1912-1996). Yn de jierren ’50, ’60 en ’70, de tiid fan grutte agraryske feroarings, wie er oeral te finen dêr’t mar buorke waard.

Foar it earst is no in seleksje makke út de prachtige dokumintêre fotografy dy’t er yn it Fries Landbouwblad publisearre. Boerewurk is in monumint foar in foarbije tiid.