Dagboek febrewary 2004Bekiek hele maand 
 
9 febrewary om 19:31
  Willem Schoorstra ( 1959) het un eigen website. In 2001 ferskynde syn dichtbundel 'Ynwijing'.
Syn ferhalebundel 'Berjochten út Babel' kwam in 2002 út. Op 25 jannewary fan dit jaar ferskynde Willem syn debútroman 'Swarte Ingels'. En nau dan un eigen website. Dy Willem is goëd bezech! Foar un deurferwizing siën bij Frysk en Frij!

Over syn dichtbundel skreef ik op 29 november 2001 onder anderen dit in ut Sneeker Nieuwsblad:

/.../Schoorstra hat in folslein eigen lûd en syn gedichten hawwe sûndermis sizzenskrêft. De debutearjende dichter is ek net fiis fan it brûken fan metafoaren, dy't gauris de abstrakte kant it neist binne. Ek hiel opfallend yn it wurk fan Schoorstra is, lykas yn 'e fersen fan Jan Wybenga silger, syn foarleafde foar suver argays Frysk: têd (s.11); bepatte (s.14); tsjammen (s.19) /.../ De dichter as taalwarder? Mar dan is it ûnbegryplik dat der ek ynterferinsjes lykas badpak (s.7); merkst (s.10); donkere (s.11) /.../ yn dizze fersen steane. Ik haw oars neat tsjin op it brûken fan wurden lykas 'weareld' en 'badpak', it is yn elts gefal realistiser Frysk taalgebrûk as in 'kweazge ûnderkommen' dêr't de dichter it oer hat. Schoorstra set syn lêzers gjin fretfersen foar, it binne gedichten dy't de lêzer yngeand ta him nimme moat. Faak hiele byldzjende poëzij, mei in yn it moed taastend weromsjen nei it ferline/.../
/.../dat er talint hat bewiist er mei dizze sobere mar o sa kreasútjûne bondel.

En dit over syn ferhalebundel:

/.../ it lycht der yndied net om wat de lêzer foar de kiezzen krijt. It binne stik foar stik wrede ferhalen oer persoanen dy't oan 'e selskant fan 'e maatskippij libje. Schoorstra skriuwt oer sitewaasjes út 'e hjoeddeiske maatskippij. Hij leit himsels hielendal gjin beheinings op, batst der op in ûnfryske wize yn en lit sa in folslein eigen lûd hearre. /.../ Moard en deaslach, syklike seksuéle bûtensprongen, drugsmisbrûk, eksoatyske rituélen fan sektes, selsdeadzjen en skizofreny binne û.o. de tema's dêr't Schoorstra oer skriuwt. Hij docht dat yn byldzjende taal, yn in styl dy't 'losjes' oerkomt, mar it perfoarst net is. Schoorstra liket de sosiotalk fan rânegroepjongerein fan binnenút te kennen en dêrtroch komme de dialogen ek hiel autentyk oer. /.../ Willem Schoorstra hat mei Berjochten út Babel tige nijsgjirrich eigentiids proaza oan 'e Fryske literatuer tafoege. Nei syn fertsjinstlik poëzy-debút en dizze ferhalebondel is no it wachtsjen op in roman fan dizze ryk talentearre skriuwer.

Sneeker Nieuwsblad,15 augustus 2002

Ut mach dúdelek weze, dy Schoorstra het wel wat.