Dagboek febrewary 2008Bekiek hele maand 
 
8 febrewary om 12:23
 
Jonge Friese Dichttalenten

Se binne der gelukkech nòch, Jee Ef Deeërs òftewel Jonge Fryske Dichters. Fanmiddach wurde der in Liwwarden twee nije Friestalige dichtbundels anboaden. Eén fan de debútanten, Grytsje Schaaf ken ik persoanlek. Grytsje werkt ok foar de Friesland Post.
De titel fan Grytsje har earsteling is ‘ Sûnder Sweltsjes ’. De andere debútant is Hidde Boersma, syn bundel hyt fan ‘ De rop om Doede ’. Beide bundels komme út bij de Friese Pers Boekerij. Cor van der Wal sal dêr fanmiddach in syn geboarteplak ok fersen foarleze.
Ut beide bundels un fers:

Unbidich bêd

Strutsen lekkens slute meagere skonken
yn in blau-markearre stiselwrâld
fan seil en trochlizzen, fan lije, giele pûdsjes
Dyn plestik/porsleinen domein
lit lânskomoeren oan fuotteneinen skowe en
azemje yn: neat te melden
úttard pearsk-iere-fel striele
Tusken muorren fan floers wurde flústers wiksele,
wurdt tuiketuike kofjedronken:
yn dit ûnbidige bêd bist hast kwyt,
brutsen yn tûzenfâldich krakelee
swijend makkest lûd om ’t leven
makkest minne nachten en
slepende dagen
yn it lûd fan wite birkenstocks

Grytsje Schaaf






Ienfâld
Ik bin in ko
en ik stean yn ’e stâl
en godtank
ha ’k neat te krijen
mei eamelerij
oer hegere nivo’s
fan bewustwêzen

Hidde Boersma