Dagboek desember 2007Bekiek hele maand 
 
11 desember om 17:29
  Josse de Haan

Un laat Sinteklazekado òf un betied kerstpresentsje, ut is mar krekt hoe at je ut besien wille. Feit is dat ik fandaach un moai boek fan Josse de Haan in hannen kreech. Ut is de bundel ' Kidelstiennen heine en slaan ', met as ondertitel ' teksten kidelje en fjoer slaan út wurden '. Un fraaie titel fan de Gysbert Japiksprieswinnaar 2007. In un woard foarou skrieft Josse o.a. ut folgende over de inhoud fan ut boek:

" Yn Kidelstienen heine en slaan steane kritiken, analyses, polemiken en oar proaza. Sûnt myn bernetiid haw ik in kidelstien yntrigearjend fûn - magysk hast. Nei in dei yn 'e bûse wie er glêd en elektrysk. Mei twa fan sokke stientsjes koest fjoer slaan, en dan brantsjestoke yn de fjilden tusken Peins en Skingen, Skalsum, Keimptille of Salvert - of in famke oer de rêch kidelje. Dy twa, fjoer slaan en kidelje, dêr giet it om yn dit boek.

Literatuer besprekke bliuwt in saak fan heine en slaan. De wurken dy’t ik keazen haw sprekke my oan, bringe wat nijs of ik fûn se geskikt om te kideljen. In part heart by it ‘oare’ proaza. De artikels yn dit boek binne op ien nei (Surrealisme yn it Fries Museum) skreaun fan 2000 oant en mei 2007, de jierren dat ik yn Frânsk Baskelân wenje. Ik haw de Fryske literêre wrâld letterlik en figuerlik op in ôfstân besjoen.

Immen dy’t kritysk oer literatuer skriuwt brûkt algemiene literêre útgongspunten en ideeën, mar ek bysûndere dy't eigen opfettings sjen litte. Ik haw foaral bysûndere kritearia brûkt. It resultaat komt hjir posityf en negatyf nei foaren.

De twa fraachpetearen yn diel I hawwe te krijen mei dy ideeën oer literatuer dy’t optekene binne oan de hân fan twa fan myn romans. It sykjen nei identiteit en de resepsje fan de boeken komme ek op tafel. Foaral hoe wichtich foar my literatuer is. "

Eén fan dy twee ' fraachpetearen ' hew ik met Josse had,en wel foar ut literêre tydskrift Trotwaer ( 2000, nr. 7 )

Ut boek, 265 bladsiden, is útgeven bij Venus.





Josse de Haan wurdt interviewd deur Hayo Bootsma fan Omrop Fryslân, op 25 òktober 2007.