Dagboek oktoober 2025Bekiek hele maand 
 
10 oktoober om 20:40
 
En de Frysk literêre karafaan trekt foart





In’e herst is ut al sinds jaar en dach feest foar skriëvers (m/f & alle andere genders). Ommers op 4 òktober wurdde de Rely Jorritsmaprizen útreikt in Jellum. En mòrren ontfangt Elmar Kuiper in Bòlsert de hoochst literêre onderskeiding dy’t der is: De Gysbert Japicxpriis

“Yn de sfeervolle teatertsjerke It Mammemahûs yn Jellum hat wethâlder fan kultuer Hein Kuiken sneontemiddei 4 oktober 2025 de Rely Jorritsmaprizen útrikt. It wie alwer de 71ste edysje fan de bekende literêre priis foar ferhalen en gedichten yn it Frysk.
De sjuery, ûnder lieding fan Marrit de Schiffart, beoardiele de 90 ynstjoeringen anonym en keas seis winners. By de ferhalen waarden Gertrud Palstra (Blineman), Sytse Jansma (Psych Aid) en Gerrit Hoekstra (In simmerjûn yn Seachlym) bekroand. By de gedichten gienen de prizen nei Pim Rodenboog, Fedde Douwes Dijkstra en Tryntsje van der Steege.”
It sjueryferslach en de priiswinnende teksten binne te lêzen yn it spesjale Rely-nûmer fan it tydskrift Ensafh (jierrige 17, nûmer 5, 2025). Ik krige it moai foarjûne magzine juster tastjoerd.

De Gysbert Japicxpriis 2025: wat en wêrom
• De Gysbert Japicxpriis is de heechste literêre earepriis foar oarspronklik Frysk talich wurk; de priis besteat sûnt 1947.
• De priis wurdt om de twa jier útrikt, en wikselelet tusken proaza en poëzy.
• Foar de 40e edysje (2025) waarden 35 dichtbondels (ferskynd tusken 2021 en 2024) beoardiele troch in advyskommisje (Ytsje Hoekstra, Sytse Jansma, Johanneke Liemburg).
• Kuiper wûn de priis foar syn bondel Ferlosboartsje (útjûn yn 2024).
• Neffens de advyskommisje en publikaasjes biedt Ferlosboartsje in poëtysk universum dat fier gean kin dan de konvinsjonele foarmen fan poëzy, en ûnderwerpt dy foarmen oan befraging en fernijing.
• As diel fan de priis krijt Kuiper in oorkonde, in jildbedrach fan € 10.000, en in promoasje-/ûntwikkelbudzjet fan € 5.000.
• De offisjele útrikking fynt plak op 11 oktober 2025 (sneon) yn de Martinitsjerke yn Boalsert (Bolsward) ûnder de Gysbert Japicxpriiswike.
• By de ceremonie wurdt ek bekendmakke wa’t de Lytse Gysbert wint (priis foar it bêste Frysk gedicht fan bern yn groep 7/8).