Dagboek oktoober 2024Bekiek hele maand 
 
6 oktoober om 22:49
 
Jelte Louwsma R.I.P.





Fannemiddei krige ik it dramatise nijs te lêzen dat Jelte Louwsma tidens ut skeeleren ferûngelokke is. Jelte wenne al jierrenlang yn Denemarken. Hij wie ien fan myn learlingen út de alderearste klasse dy't ik ûnder myn hoede hie. Dat wie yn'e Hommerts oan'e Van Haersma Buma Skoalle.

As jonge ûnderwizer naam ik Jelte, Klaas Sijbranda, Bote Duiker en Wilco Gaastra mei nei in wedstryd fan SC Heerenveen yn it âlde stadion.

Jelte wie nei dy wedstryd hielendal ferkocht, hij wurde ien fan'e trouwste SC Heerenveen fans. Ofrûne simmer, op 20 juny postte Jelte dit noch op syn FB-pagina:

"20-6-81 wie in bjusterbarlike dei !!!!!!!!

Vrouwen, auto's en werk heb je niet voor het leven, maar een club dat is heel wat anders !!!

Dankzij Henk van der Veer ben ik vandaag alweer 43 jaar besmet met het Fean virus.…"





Boppesteand fergeeld kykje stie bij dat berjocht. Sa út en troch hiene Jelte en ik noch digitaal kontakt mei elkoar. It gong dan altyd oer SC Heerenveen. Hij wist echt ALLES fan SC Heerenveen. Elke dei wie der wol in (âld-) spiler fan SC Heerenveen jierdei. Jelte sette dat dan op'e socials.

Hij fielde him oh sa belutsen bij SC Heerenveen.

It fielt hiel leech no't Jelte net mear ûnder ús is, amper te befetsjen.

In oare âld learling en klasgenoat fan Jelte, Jantine Nauta, skreau fannejûn in I.M.-fers foar Jelte.

Ik pleats dat fers hjir:

Skûlboartsje, blikspuit
Jongens meisjes
dieren dingen
Roeiboaten, doerebouten
In snee yn ús fingers
de drippen bloed fermongen ta
in ieuwige bloedbân
Die de dei dernei wer
ferbrutsen waard.
Opgroeie
Je eigen paad fine
Elts syn wei
Honkfêst of swalkjend
De Ryp, de Hommerts
Sélân, Snits of Denemarken
Je plak earne fyne en
dêr lokkich wèze.
En sa no en dan konktakt
mei je bloedbroeders
(of susters..)
fan ea
Roljend
Libjend
Lústerjend
Genietsjend..
In libben dat eindig is
In libben dat eindigde
hjoed
Life is keep on rolling
Te betiid
eindige…
Wat silst mist wurde Jelte